Bericht van de Werkgroep Ontwikkelingssamenwerking Menameradiel

woensdag 11 oktober 2017

Bêste ynwenner fan Menameradiel/Waadhoeke,

De leden fan de WOM  freegje omtinken foar de skea dy ’t in swiere stoarm oanbrocht hat oan hûs en bedriuw fan de hear Crainic, ien fan de lytse túnders dy ’t al jierren stipe wurde troch de WOM.

Wy freegje jo it ferslach en de oprop te lêzen fan ús Roemeenske meiwurker Somogyi. Crainic soe bot holpen wêze mei in finânsjele stipe. Wy dogge dêrta in berop op ús gemeentegenoaten.

Wy hoopje dat wy sa, mei € 2500,- , Crainic wer op gong helpe kinne.

Jild kin stoarten wurde op rekken NL81RABO 0341 7440 50 op namme fan WOM. Giften oan de WOM kinne ôflutsen wurde foar de belesting.

       Mei groetnis,   foar de WOM

       Tsjibbe Rodenhuis    Boksum      foarsitter

       Jos Steggerda           Bitgummole ponghâlder

       Yde Faas                  Blessum     skriuwer

NB

It komplete bericht fan Somogyi mei foto ’s stiet op ‘e webside fan MenameradielWy wolle it bericht ek tastjoere. Skilje dan 058 2541542