Deinum

Doarpsbelang

“De Feriening foar Doarpsbelangen”, de namme seit it al, set him yn foar de “leefberens” en it wolwêzen fan ús doarpsmienskip, foar de belangen fan de bewenners, mar boppe alles foar it algemien belang.

Sa nedich is der kontakt mei it Kolleezje fan B&W oer saken dy’t der libje yn Deinum. Ek wenje de bestjoersleden as der oanlieding ta is, it fraksjeberie fan de politike partijen by. Op dizze wize wurdt der goed kontakt hâlden mei de” polityk”.

Eksterne kontakten binne der ek mei de “Feriening foar Lytse doarpen”, de Federaasje fan Doarpsbelangen yn Menameradiel, de Kommisje ludshinder en de kommisje dy’t him dwaande hâldt mei de plannen foar de ‘heak om Ljouwert’.

Yn Deinum is doarpsbelang fertsjintwurdige yn tal fan ferienings sa as de boarterstúnkommisje, de aktiviteitenkommisje ensfh. Dizze leste kommisje hâldt him dwaande mei it organisearjen fan spultsjedagen, kursussen ensfh.

De skiednis fan Deinum wurdt festlein troch “Deinum Doe en No”, dy’t alles oer it doarp foar it neiteam bewarret.

Ek foar it neiteam bewarre is it útsicht op de Deinumer Sipel, de tsjerke en it tsjerkhôfstek en -muorre. De “Sipelkommisje” en koartlyn de Stichting Restauraasje Tsjerkhôfsmuorre en -stek hawwe harren hjir tige foar ynset Yn dizze kommisje en yn de boppeneamde stichting hie de feriening foar Doarpsbelangen in sit

It opheljen fan it âld papier wurdt koördinearre troch doarpsbelang. Elkenien bringt op de yn’t foar plande sneonen it âld papier nei de kontener bij Meetsma. Dêrneist helje in tal ferienings en skoallen it fan de sammelplakken op en de opbringst ferpartsje se meimekoar.

De namme fan de feriening docht tinken oan in alde taak dy’t yn Deinum noch altyd troch eigen minsken útfierd wurdt de “Eendracht” is ek útfeartsferiening. Dizze foarm fan beïerdiging, fersoarge troch eigen ynwenners, sprekt in protte minsken, ek yn dizze tiid, noch oan.

Ynformaasje oer dielname oan it útfeartfûns kinne jo krije by de bestjoersleden. Lid wurde fan Doarpsbelang kin troch de folgjende side yn te foljen en oan ús werom te stjoeren.

Ut namme fan de Feriening foar Doarpsbelangen hjitte wy jo hertlik wolkom en wy sjogge jo graach werom by de Deinumer ferienings.

Foarsitter: Anne Terpstra  St. Janswei 54 9033 WP Deinum 058 2542347
Sekretariaat Durk Blauw Heechhiemsreed 1 9033 WX Deinum 058 2541422
Skathalder: Lydia Meerman Tsjerkepaed 15 9033 WT Deinum 058 2542585
Skriuwer: Nynke Baarda It Holt 12 9033 WH Deinum 058 2896550
Leden: Bram Bleeker Skoallestrjitte 4 9033 WH Deinum 058 2542124
  Haye Syds Pasma Sint Janswei 58 9033 WR Deinum 06 43089311
  Eppie Meetsma Spoarstrjitte 11 9033 WJ Deinum 058 2542400
  Jildert Strootsma Sportleane 1 9033 WZ Deinum