Deinum

Begraffenisferiening De Eendracht

1. Ynformaasje en betingsten
De begraffenisferiening De Eendracht is oprjochte yn 1914 en bestiet op’t heden út 86 leden. Elts jier fersoargje wy sa’n 5 á 6 útfearten foar leden likegoed as net-leden. Ús feriening is gjin kommersjele ynstelling noch in ûndernimming. It fersoargingsgebiet beslacht net allinne Deinum, mar ek de omlizzende doarpen. In lid fan ús feriening dy’t earne oars hinne ferhuzet, kin gewoan lid bliuwe. Dizze ynformaasje is bedoeld foar leden likegoed as net-leden.

2. Wat regelt de útfeartsfersoarger?
Dit is úndermear it neikommende:
a. It oanjefte fan ferstjerren dwaan by de amtner fan de boargerlike stân
b. It ôflizzen en kistjen fan de ferstoarne
c. It bestellen fan de kiste
d. It reservearjen fan de opbierromte en de aula
e. It pleatsen fan advertinsjes yn de deiblêden en it fersoargjen fan de roubrieven
f. It regeljen fa de rouweinen, de folgweinen, de neibesite, blommen,roubeklach, ensfh.
g. It tarieden en útfieren fan de útfeart

Koart sein de folsleine útfeart sa’t jo it hawwe wolle. Yn prinsipe wurdt alles foar de neibesteanden fersoarge.

3. Tariven.
Mei de komst fan de euro yn 2002 binne de tariven oanpast. Us feriening hat in tal soarten tariven, te witten: bern fan 0 oant 18 jier; studinten fan 18 oan’t 21 jier; lid 21 oan’t 65 jier; echtpear; echtpear 65+; lid 65+.

De bydrage foar elke tariefsoart is:

Taryf per jier
Bern 0-18 jier   1,- euro
(studinten) 18-21 jier   5,- euro
Lid fanôf 21 jier  13,- euro
echtpear (per lid) lid mei koarting  12,- euro
echtpear 65+ (per lid) lid mei koarting   9,- euro
lid 65+ allinnich  12,- euro
lid doarpsbelang allinnich   8,- euro

De tariven en fergoedingen wurde elts jier yn de jiergearkomste feststeld.

4. Foar 2001 jilde de neikommende fergoedingen. 
De Eendracht ferlient tsjinsten oant in bedrach fan 800,00 euro. Dit bedrach wurdt jierliks yn de algemiene jiergearkomste fêststeld. Leden kinne in berop dwaan op dizze tsjinsten. Mooglike mearkosten wurde troch de wei fan in sammelnota mei de neibesteanden ferrekkene.

5. Ynkeapsommen 
De Eendracht sil, wat it oansluten fan nije leden oangiet, as it mooglik is de regels fan de Federaasje hantearje; ien en oar nei it oardiel fan it bestjoer. It bedrach hinget fan de leeftiid ôf. De ynkeapsom kin yn in tal terminen/jierren betelle wurde.

6. Gearwurking oangeande byfersekerjen 
De Eendracht hat gjin gearwurkingsferbân mei oare fersekeringen. Troch de opboude reserve is foar it fuortbestean fan de feriening in mooglik gearwurkjen net needsaaklik. Yn 1992 hawwe wy jo, as tafoege wearde foar de leden, in gearwurkingsferbân útsteld. Der wie doe gjin draachflak om in gearwurkingsferbân oan te gean. By in begraffenis binne der faak ekstra kosten; sa as in grêf, blommen, in stien ensfh. Dit kin oprinne ta tûzenen gûnen dêr’t faak gjin rekken mei hâlden wurdt. It bestjoer is mei in útstel dwaande om it binnen de ferieningsstatuten dochs mooglik te meitsjen jo byfersekerje te litten. Dizze ekstra fersekering wurdt dan op ús namme en mei ús tastimming troch in noch neier te bepalen fersekeringsmaatskippij frege.
In stoarting foar ien kear yn de foarm fan in ynkeapsom foar jo útfeart is oantreklik om’t dy fiskaal fia de bûtengewoane lêsten ôflutsen wurde kin.

7. Dûbeld lidmaatskip
It komt foar dat leden ek noch lid fan in oare feriening binne. By in stjergefal moat yn prinsipe ús feriening de begraffenis fersoargje. Der kinne útsûnderingen wêze, as bgl. in lid fier bûten de provinsje Fryslân wennet en der begroeven of kremeard wurde wol. Dat kin dan troch de pleatslike begraffenisynstelling, lykwols allinnich mei meiwitten en yn opdracht fan ús feriening. Bart dit leste net en komme hja letter mei rekkens, dan kinne dy net honorearre wurde en sil derom gjin útkearing dien wurde.