Deinum

Toanielferiening It Klaverblêd

 

It Klaverbled

Toanielspylje, dat is wat we dogge by It Klaverblêd.

Yn it Frysk, want mei dy opdracht waard de feriening yn 1879 oprjochte. Sûnt dat jier binne der al tsientallen stikken spile, jûnfoljend of ienakter, serieus of komysk. Utgongspunt is yn elts gefal alle jierren ien foarstelling te bringen. Meastentiids is dy ein jannewaris te sjen yn kafee It Holt yn Deinum.

Dêrneist stean ek wolris bysûndere foarstellings op it programma, bygelyks bûtendoar. In oar bysûnder plak dêr’t sa no en dan spile wurdt is de tinte fan it jierlikse doarpsfeest. Dêr wurdt dan in jûnfoljend kabaretprogramma brocht, dat spesjaal foar de gelegenheid skreaun wurdt en Deinum as ûnderwerp hat.

Dogge oan de grutte stikken of ienakters geregeld jongeren mei, ek oan de bern wurdt tocht. Besocht wurdt foar har alle jierren in dramakursus te organisearjen, meastentiids yn ‘e winterperioade. It Klaverblêd hat sa’n 40 leden. Dy binne net allinne op de planken te finen, mar soargje ek foar technyk, dekôr, klean en smink. Allegearre op frijwillige basis, útsein de regisseur dy’t foar syn wurk betelle krijt.

Ek meidwaan by It Klaverblêd? Nim dan kontakt op mei it sekretariaat.

Wolle je mei koarting nei ús foarstelling, wurdt dan stiper foar seis euro yn it jier. Ek dêr wit it sekretariaat mear oer.

 

Naam : Toanielferiening It Klaverblêd
Voorzitter : Fokke Buma
Secretaris : Dirkje Woudstra
Penningmeester : Gerda Baarda
Leden : Albert Stuulen
Dorothé Gorter
E-mail : it.klaverbled@gmail.com