Filmjûn fûgelwacht Boksum en omkriten

Tink der om: it is oars as yn ús jierboekje stiet, want troch it ferbouwen fan “It String” moatte we útwike nei Hilaard. It is derom dit jier op: tongersdei 5 april 2012 en no om: 20.15 oere yn: “De Twatine” doarpshús fan Hilaard de tagong bliuwt: fergees (sa as altyd) en fansels is elts wolkom !!!

De kommisje is der yn slagge om ek dit jier wer mei in moai programma te kommen. De hear Booi út Gees (in Fries om útens) nimt ús mei nei de krite fan boer Nijdam dy’t ûnder Wommels buorket. De searje dy’t fertoand wurde sil giet oer bysûnder greidefûgelbehear wêr’t de leste jierren in soart oer praat en skreaun wurdt.

Ek yn ús kriten is men hjir drok mei dwaande. Boeren út Blessum, Boksum, Hilaard en Jellum binnen al jierren dwaande om it de greidefûgels nei it sin te meitsjen. Harren ferieniging “Oer de Wjuk” docht dat yn gearwurking mei ús fûgelwacht. De hear Booi hat fjouwer jier lang yn foarjier, simmer en hjerst prachtige plaatsjes sketten. In prachtige searje mei in moai ferhaal. Sjoch mar ris op de webside: www.natuurlezing.nl

Yn it skoft wurdt der in ferlotting hâlden