Deinum

Author: Regina Jorna

Langste Dei(nummer) wandeltocht 21 juni 2014

juni 16, 2014 Reacties uitgeschakeld voor Langste Dei(nummer) wandeltocht 21 juni 2014

De activiteitencommissie organiseert zaterdag 21 juni weer de langste Dei(nummer) wandeltocht voor jong en oud.
Vanaf 19.00 uur: start- en eindpunt op het parkeerterrein bij de gymzaal.

Klik wandeltocht 2014 voor meer informatie.


Agenda jaarvergadering dorpsbelangen De Eendracht

maart 17, 2014 Reacties uitgeschakeld voor Agenda jaarvergadering dorpsbelangen De Eendracht

Jaarvergadering dorpsbelang De Eendracht

Woensdag 26 maart 20.00 uur in It Holt

Agenda-jaarvergadering-2014-Dorpsbelang (pdf)


Uitnodiging presentatie schetsplan talud Deinum

februari 13, 2014 Reacties uitgeschakeld voor Uitnodiging presentatie schetsplan talud Deinum

Deinum op de skeppe   (fan Omrop Fryslân webside 4 februari 2014)

It doarp Deinum giet op de skeppe. Sa wurdt it sportkompleks fan it doarp ferpleatst, komme der in tal nije wenningen en wurdt der in haven oanlein. De feroarings binne nedich no’t de hjoeddeiske N31 dy’t by it doarp leit, ferdwynt. De dyk wurdt ferfong troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Troch it ferdwinen fan de N31 komt der romte frij. Neist it wurk by Deinum wurdt der ek in farferbining oanlein tusken it Van Harinxmakanaal en it Boksumer Soal. Totale kosten wurde rûsd op 2,9 miljoen euro. It jild komt fan de provinsje.

 

Uitnodiging voor alle Deinumers

voor de presentatie schetsplan talud Deinum

Woensdagavond 26 februari 2014 om 20:00 uur op It Holt

 

Beste Deinumers,

Met de toezegging van  2,9mln door Provinsje Fryslân is de realisatie van de plannen voor de invulling van het talud (aan de oostzijde van Deinum) na het verwijderen van de N31 (tussen Marssum en Hendrik Algrawei) een forse stap dichterbij gekomen. Met de toezegging is ook(eindelijk) het moment aangebroken om de plannen te presenteren aan alle inwoners van Deinum.

Wij willen dit graag doen op woensdagavond 26 februari a.s. op It Holt (20:00 uur). De Landschapsarchitecten van H+N+S zullen de presentatie  verzorgen.

Graach oant dan,

De vereniging voor dorpsbelangen “de Eendracht” Deinum


In fleurige jûn mei it Klaverblêd

januari 14, 2014 Reacties uitgeschakeld voor In fleurige jûn mei it Klaverblêd

Miks fan toaniel en kabaret

Yn de foarige Klaver Trije warskôgen we der al foar, it wurdt oplette by de foarstelling dy’t It Klaverblêd 7 en 8 febrewaris bringt. Want mei wat foar probleem sit Fokje Hilwerda no krekt? En hoe kin Dik no kwismaster wêze, wylst er krekt noch as glêzewasker troch it libben gie. Ien gerêststelling, it kabaret dat brocht wurdt is in werhelling, hoecht de kop der wat minder by.

Fokje Hilwerda is de haadpersoan yn it koarte toanielstik ‘Mei sturt en earen’ fan Akky van der Veer. Fokje hat in grut probleem, mar wa kin har helpe? Fokje wurdt spile troch Nynke de Boer, se dielt it poadium mei Anna van der Molen, Bate Kleiterp, Jannet Rienks, Jorrit de Boer, Wilco Weiland en Yde van der Hem. De rezjy wurdt dien troch Betteke Eerligh.

Dik is ien fan de persoanen yn it stik ‘Daan & Doris en Dik & Debbie’. Of stik, Haye van der Heyden skreau losse sênes, dêr’t dizze fjouwer persoanen elkoar yn moetsje. Yn de auto bygelyks, op it dak en ek op it terras. De rollen wurde spile troch Fokke Buma, Gerda Baarda, Hendrik Sybrandi en Stijntje Baarda, wylst Douwina Meester har regisseur is.

By it doarpsfeest fan ferline jier brocht It Klaverblêd in jûnfoljend kabaretprogramma. In diel dêrfan giet no yn de werhelling. Dit kear net mei akkordeonist Piet, mar mei de muzikanten fan I.K.E.A. (Inderdaad, Koen en Anton). Dyselde muzikanten spylje sneontejûn ek noch nei de foarstelling.

 

Kaarten kostje € 5,00 foar leden en stipers, € 3,50 foar jongeren oant 18 jier en € 8,00 foar oaren. Wa’t alfêst kaarten reservearje wol, kin dat dwaan troch te mailen nei klaverbled@sjoukedezeestrjitte.nl, of op 3, 4, 5 of 6 febrewaris tusken sanen en achten te beljen nei 058-2542472. De foarstelling begjint om 20.00 oere en is op It Holt. De jûn is minder geskikt foar bern oant tolve jier.