SportRevuSpektakel

dinsdag 2 juni 2009

Wat wie it in prachtich wykein!

Fjouwer Deinumer ferienings dy’t mei mekoar in jubileumfeest organisearje en oanbiede oan de ynwenners fan Deinum en oare belangstellenden.
It wykein fan it Sportrevuespektakel koe it net better treffe mei it waar en wat
de aktiviteiten oanbelanget, no dat wie ek dik yn oarder.
It jubileumwykein begûn freedtejûn mei de revu yn in goed fulde tinte.
It skom der op ta of It klupgefoel fan de famylje de Vries.

De sitewaasjes wiene foar in soad minsken faak tige werkenber.
Muzyk, sjongstikjes, dûns en beppe dy’t al mimerjend alles mei elkoar ferbûn.
It gie allegearre flot op en it ferfeelde gjin tel.
It duorre 2x 45 minuten, lyk as in fuotbalwedstriid, no wat mij oanbelanget hie der noch in tredde helte oan taheakke mocht.
Ik wol eins gjin nammen neame, mar sûnder de ideeën fan Anneke, Hans, Henk, Marieke en Mieke wie der neat op ‘e planken kaam.
Fjirder eltsenien dy’t der oan meiwurke hat: It wie geweldich!

Sneontemoarn om healwei tsienen (guon wekker makke troch Sietse) kamen de minsken nei it fjild. De wethâlders Marja v/d Meer en Anne-Marte v/d Mei soene it sportspektakel iepenje. No, hja hawwe it iepen sketten, mei in carbidbus. It like wol âldjier.
Dêrnei giene de groepkes troch it doarp bij de 6 ferskillende spultsjes lans.
Troch in kryptyske omskriuwing koe it paad fûn wurde.
Likernôch healwei tolven wie elk wer op it fjild werom, dêr’t drinken klearstie. It wie ek toarstich waar. Nei de priisútrikking (elk krige wat) koe men foar € 2,- ite op it fjild.
Hearlik sop mei broadsjes. Middeis op it sportfjild meiinoar de ferskate spullen lans.
Guon tige fanatyk, oaren yn ‘e trant fan “meidwaan is wichtiger as winne”.

Sneontejûn stie de revu wer op it program yn in folslein útferkocht hûs.
Ek no wer in grut sukses.
De ienriedigens fan it slotliet waard lûd meisongen:

Sparta, TDK,
DTD, It Klaverblêd,
Besteane no al jierren,
We bin’t noch lang net sêd
Baltsje keare, doelpunt skoare,
Lapen tekst, in soad publyk
Wy wolle it net misse,
Klupgefoel dat makket ryk

Minsken fan de kommisjes, spilers fan de revu, it wie in geweldich feest!
Tige tank!