Gean nei ynhâld
Deinum Deinum
← Terug naar nieuws

Presintaasje fan it boekje “Om de Tsjonge hinne”

15-02-2013 · Redaksje Deinum

Útnoeging oan alle ynwenners fan Blessum, Boksum, Deinum en Hilaard

Presintaasje fan it boekje “Om de Tsjonge hinne”

op 6 maart 2013 om 20 oere, yn Doarpshûs “It String” fan Boksum

De fûgelwacht Boksum en omkriten is grutsk dat se, nei twa jier tarieding troch de wurkgroep, it boekje  “Om de Tsjonge hinne” presintearje kinne.
It boekje giet oer it lânskip, de skiednis en de natuer om de fjouwer doarpen Blessum, Boksum, Deinum en Hilaard hinne. It stiet fol mei ynformaasje, ferhalen, prachtige foto’s en kaarten, wêrby sels in kuier-, fyts- en farkaart.