Concert Advendo jeugd en volwassenen met Collage in de St. Jan in Deinum

donderdag 1 mei 2008

18 april 2008 Concert in de St. Jan in Deinum Advendo jeugd en volwassenen met Collage.

 

Jong Advendo û.l.f. Aaltsje de Jong is dizze jûn it earst oan bar. Se nimme ús mei nei Bosnië, Ruslân en Poalen. Komposysjes fan Jacob de Haan. Fan David Well brochten se Heavy Stuff, Rock About fan Frede Grines en in bewurking fan in stik fan Joseph Haydn. In grut applaus krigen se fan it publyk.

 

Doe kaam it koar Collage û.l.f. Sipco Soorsma mei harren earste diel fan it optreden. Oan de piano Machiel Keekstra, mar faak song men a capella. In breed repertoire, fan in prachtige Spaanske meldij ut de 16e ieu, negro spirituals nei “daar was laatst een meisje loos”.

 

Advendo û.l.f. Ido Kempenaar sette útein mei de mars Members of Honeur fan A.L.Schulte. Dêrnei de Yellow Mountains fan Jacob de Haan, The Ring of Fire fan Alfred Willering en ta slot fan it earste diel She’s the one fan Robbie Williams/bew. Steve Cortland.

 

Nei de pause kaam Collage mei Lullabye fan Billy Joël/arr. Mac Huff, Something fan George Harrison/arr. Mac Huff, it bekinde Ob-la-di ob-la-da fan John Lennon & Paul Mc Cartney. Fan Freddie Mercury lieten se Seaside Rendezvous en de Bohemian Rapsody hearre.

 

Advendo brocht doe Because we believe fan Andrea Bocelli/bew. Frank Bernaerts en Down by the Sally Gardens.

 

Mei Collage waard doe noch The Cream of Clapton spile en songen fan Eric Clapton/bew. Ron Sebregts.