De froulju út Deinum winne de Jeu de Pelote P.C. yn Winsum

woensdag 3 augustus 2011

Snein 31 july
De dei dat de froulju út Deinum de Jeu de Pelote P.C. wûnen yn Winsum.

Twa pelote partoeren fan DTD diene mei oan de Pelote P.C. yn Winsum.
Deinum 1:                                                 Deinum 2:
Femke v/d Meer                                   Teatske Visser
Tine Richt v/d Weide                           Zoë de Boer
Mirjam Beeksma                                   Alinda Miedema
Idske Bangma                                        Sonja Lautenbach
Janny Lautenbach                               Geertje Stornebrink
Pytsje Pasma
Deinum 1 moast it yn ‘e 1e omloop opnimme tsjin Welsryp > 6 – 2
yn ‘e 2e omloop tsjin Spannum waard it > 6 – 1
yn ‘e 3e omloop hien se in steand nûmer.

De finale tsjin Wieuwert/Britswerd wie tige spannend, de teams wiene oan elkoar weage en it publyk liet goed fan har hearre.
Links stie ‘Wieuwert’ en rjochts ‘Deinum’. Supporters dy’t al yn Arum wiene hawwe noch minsken oproppen om ek nei de finale te kommen.
Yn de finale hie Deinum hieltyd de foarsprong en op 7 – 5 koe de wedstryd beslist wurde. Mar Akke woe it noch spannender meitsje, 7 – 6, 40 40. Doe, nei in kweaslach fan Wieuwert wie dochs de winst foar Deinum.

De priis in moaie krâns en in fulde einekoer.
Wurch mar tige optein koene de dames en harren supporters op nei Deinum.
Thom hie in trekker en wein regele de dames mei krânsen der op en in toeterjende auto der efteroan. Sa, Deinum mei witte dat der wat wûn is.

It thúsfront wie op ‘e hichte brocht sadat der ek al flaggen hjir en der út hongen.
Noch efkes neigenietsje fan de oerwinning yn De Tredde Keats, dêr’t de catering al klear stie.