De jierlikse ledegearkomste fan doarpsbelang de Eendracht

woensdag 16 april 2008

Woansdei 9 april, de jierlikse ledegearkomste fan doarpsbelang de Eendracht

Bûten it bestjoer kamen 38 minsken nei Ons Huis foar de jiergearkomste.

Der wiene fertsjintwurdigers fan Grien Links, FNP, Gem. Belangen, CDA en de PvdA. Lyk as oare jierren fleagen we troch it earste diel fan de gearkomste. Ek de bestjoersferkiezing naam net folle tiid. Der wiene gjin tsjinkandidaten opjûn bij de foarsitter en sa koene we de dames Myriam Haverkamp en Janneke Buma mei applaus ferwolkomje. Fan Marijke Heeringa en Epie Tamminga waard mei in moai bosk blommen en in tankwurd ôfskie nommen. Foarsitter Rinske wie wer op ‘e nij ferkiesber, ek hja krige in moai boeket. Oare minsken dy’t in blomke krigen as tank foar harren ynset yn it doarp wiene Renny Sijtema en Halbe Weiland.

Nei de kaskommisje liet Hans v/d Meer it ien en oar sjen oer de fernijde website, www.deinumdorp.nl en doe wie it tiid foar it flekkeplan útwreiding Deinum nei oanliz fan de Heak.

Ferline jier hie de gearkomste ek mei tocht en praat oer it flekkeplan. Nei oanlieding fan dy op- en oanmerkings is der in nij plan makke. Mei help fan in powerpoint presentaasje, de plaatsjes en de arguminten, wurdt it ien en oar dúdlik makke. Dêrnei kinne de minsken in kertier meiinoar oer de nije plannen prate en elk kin dêrnei sizze wat hij/sij der fan fynt. Ek dizze opmerkings wurde wer meinommen.

Nei it omfreegjen koe foarsitter Rinske om 22.45 oere de gearkomste slute.