Gean nei ynhâld
Deinum Deinum
← Terug naar nieuws

Himmelwike: Deinum skjin

02-04-2014 · Redaksje Deinum

Dit jier twa himmeldagen yn de himmelwike, sa dat in elk yn de gelegenheid stelt wurd om mei te helpen:

Freedtemiddei  11 april

Mei de skoallebern himmelje en lytse putsjes dwaan rûnom skoalle.Fan 13:30 oant 15:30. Sammelje by de jeu-de-boule baan. Amers, ark en skjinmakguod mei nimme.

 

Sneontemoarn  12 april

Mei  syn allen it doarp opkreazje.Fan 9:30 oant 12:00. Sammelje by de jeu-de-boule baan. Amers, ark en skjinmakguod mei nimme.Nei ôfrin foar eltsenien kofje en fulkoeken.

 

Himmelwike