Gean nei ynhâld
Deinum Deinum
← Terug naar nieuws

It doarp Deinum op de skeppe

06-02-2014 · Redaksje Deinum

Deinum

5 febrewaris, 2014 – 19:41 –  Bron Omrop Fryslân

It doarp Deinum giet op de skeppe. Sa wurdt it sportkompleks fan it doarp ferpleatst, komme der in tal nije wenningen en wurdt der in haven oanlein. De feroarings binne nedich no’t de hjoeddeiske N31 dy’t by it doarp leit, ferdwynt. De dyk wurdt ferfong troch de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Troch it ferdwinen fan de N31 komt der romte frij.

Neist it wurk by Deinum wurdt der ek in farferbining oanlein tusken it Van Harinxmakanaal en it Boksumer Soal. Totale kosten wurde rûsd op 2,9 miljoen euro. It jild komt fan de provinsje.