Deinum

Nieuws

Earste ljipaai fûgelwacht Boksum e.o.

maart 24, 2011 Nieuws Reacties uitgeschakeld voor Earste ljipaai fûgelwacht Boksum e.o.

Op 18 maart 2011 om 16.42 is it earste aai fûn fan ús fûgelwacht .

It waard fûn troch Albert Douwe Spoelman út Deinum.

It aai waard trasearre op in stik maislân besiden de Tsjusterewei.

Albert Douwe ( 15 jier ) is der mei de jongste finer yn it 21 jierrich bestean fan de fûgelwacht.

Sa as gebrûklik is it aai lottere en de tillefoan is kontrolearre .

Alles wie yn oarder.

Op de neisoarchgearkomst sil de lokkige finer de ‘’Henk Spoelstra ‘’ wikselbeker oerhandicht wurde.

‘’Klaver Trije “ sil him in fûgelboek oanbiede.

Ús lokwinsken oan Albert Douwe .

Foar it bestjoer ,

Siep Tilma


0 comments

Comments are closed.