Earste ljipaaien

woensdag 15 maart 2017

ja ……….. de maaitiid sit er oan te kommen .

Op sneon 11 maart 2017 waard it earste ljipaai fan de gemeente Menameradiel fûn troch

IZAAK BOUWE DE VRIES

út Deinum . It aaike waard fûn besiden Blessum . Izaak stiet te boek as in natuerman yn ieren en sinen.

It aai waard op tiisdei 14 maart oanbean oan boargemaster Tom van Mourik yn Menaam.

Op moandei 13 maart 2017 waard it earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel fûn troch

RINDERT JANSMA

út Deinum. It aaike waard fûn yn de Hilaarder Mieden. Ek Rindert is in betûft aaisiker .

Hy koe op deselde dei noch telâne yn Wommels by boargemasterJohanneke Liemburg .

We fine it in ear en binne grutsk dat twa aktieve neisoarchers fan ús wacht dit presteart ha.

Bestjoer fûgelwacht Boksum e.o.