In fleurige jûn mei it Klaverblêd

dinsdag 14 januari 2014

Miks fan toaniel en kabaret

Yn de foarige Klaver Trije warskôgen we der al foar, it wurdt oplette by de foarstelling dy’t It Klaverblêd 7 en 8 febrewaris bringt. Want mei wat foar probleem sit Fokje Hilwerda no krekt? En hoe kin Dik no kwismaster wêze, wylst er krekt noch as glêzewasker troch it libben gie. Ien gerêststelling, it kabaret dat brocht wurdt is in werhelling, hoecht de kop der wat minder by.

Fokje Hilwerda is de haadpersoan yn it koarte toanielstik ‘Mei sturt en earen’ fan Akky van der Veer. Fokje hat in grut probleem, mar wa kin har helpe? Fokje wurdt spile troch Nynke de Boer, se dielt it poadium mei Anna van der Molen, Bate Kleiterp, Jannet Rienks, Jorrit de Boer, Wilco Weiland en Yde van der Hem. De rezjy wurdt dien troch Betteke Eerligh.

Dik is ien fan de persoanen yn it stik ‘Daan & Doris en Dik & Debbie’. Of stik, Haye van der Heyden skreau losse sênes, dêr’t dizze fjouwer persoanen elkoar yn moetsje. Yn de auto bygelyks, op it dak en ek op it terras. De rollen wurde spile troch Fokke Buma, Gerda Baarda, Hendrik Sybrandi en Stijntje Baarda, wylst Douwina Meester har regisseur is.

By it doarpsfeest fan ferline jier brocht It Klaverblêd in jûnfoljend kabaretprogramma. In diel dêrfan giet no yn de werhelling. Dit kear net mei akkordeonist Piet, mar mei de muzikanten fan I.K.E.A. (Inderdaad, Koen en Anton). Dyselde muzikanten spylje sneontejûn ek noch nei de foarstelling.

 

Kaarten kostje € 5,00 foar leden en stipers, € 3,50 foar jongeren oant 18 jier en € 8,00 foar oaren. Wa’t alfêst kaarten reservearje wol, kin dat dwaan troch te mailen nei klaverbled@sjoukedezeestrjitte.nl, of op 3, 4, 5 of 6 febrewaris tusken sanen en achten te beljen nei 058-2542472. De foarstelling begjint om 20.00 oere en is op It Holt. De jûn is minder geskikt foar bern oant tolve jier.