Nieuws
Frysk Selskip “it Klaverblêd” hold har jierlikse útfiering.
Sil Meijer is oan de betterjende hân nei in blineterm-operaasje. Hy wol graach nei hûs, mar moat noch yn it sikehûs bliuwe oant de útslach fan de ûndersiken bekend is. Sil syn mem, Suze Meijer, besiket it har soan yn dy tiid sa noflik mooglik te meitsjen. Se komt faak op besyk en hat altyd in boekje mei kryptogrammen by har, puzzeljen is har grutte hobby. Nanda Biervet, in ferpleechster mei net folle hert foar de pasjinten, bringt in nije pasjint dy’t slim ferwûne is, by Sil op de keamer. Dokter, Loes Donker, hat grutte problemen. Se wurdt der fan fertocht ferdôvjende middels út de medisynkast te stellen. Sil beslút Loes te helpen, mar rekket dêrtroch sels yn gefaar. En wat hat skjinmakster, Martine Waaksma, mei it gefal te meitsjen? Se strúnt oanhâldend op de keamer fan Sil en syn buorman om. Sil hat it sa drok mei de saak fan de ferdôvjende middels dat er hielendal gjin haast mear hat om nei hûs te gean. Of soe der in oare reden wêze?
0 comments