Deinum

Nieuws

Fûgelwacht Boksum yn it nijs

maart 17, 2012 Nieuws Reacties uitgeschakeld voor Fûgelwacht Boksum yn it nijs

Wat wienen se ter ticht by Izaak de Vries en Erik Visser.

Op sneon 10 maart om 15.17 oere fûnen beide mannen ûnder de reek fan Weidum it earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel.

Om 7.45 wie it earste aai fan Fryslân /Nederlân fûn by Aldehaske.

Deselde dei is it aaike noch oanbean oan boargemaster Johanneke Liemburg.

Tiisdei 13 maart om 7.50 oere wienen it wer twa neisoarchers fan ús wacht die resultaat hienen.

Anne en Wybrand Jansma trasearden oan de oare kant fan de Swette it spikkele aaike.

It oanmelden levere noch al wat swierrichheden op mar doe Marco Hoekstra fan de BFVW ynskeakele waard wie it sa mar foar inoar.

Ik hjir gong it om it earste aai en wol yn de gemeente Ljouwert.

Tongersdei 15 maart om 6.10 oere wie it wer Izaak de Vries út Deinum die it nijs helle.

Tegearre mei heit Bouwe fûnen hja it aaike op in stikje bedonge lân besiden Blessum.

In dei tefoaren hienen se al waarnommen dat it sijke der hast oan ta wie.

Foar Izaak dus de Henk Spoelstra wikselbeker en troch de redaksje fan Klaver Trije wurd him in fûgelboek oanbean.

Bestjoer fûgelwacht Boksum


0 comments

Comments are closed.