Iepening Jeu de boules baan

zaterdag 19 september 2009

In “Frânske” neimiddei yn Deinum

Sneon 19 septimber en in simmerske temperatuer. It koe net moaier foar de iepening fan de jeu de boules baan. Wethâlder Anne M. v/d Mei en Anne v/d Wulp diene in lyts spultsje tsjin Rinske Metselaar en Jitsche v/d Meer en iependen de jeu de boules baan.
Elk koe it doe besykje en dat waard ek dien. Fan jong oant âlder, want de baan is foar eltsenien, salang as it giet om it jeu de boulen. Net om yn te fytsen of te fuotbaljen, mar dat sprekt fansels…..ja dochs?
Sa’n 18 minsken hawwe har al opjûn en al is de simmer hast om, we wolle noch al besykje om ris in boule te goiaen. Jo/jimme hearre meikoarten mear.