It Klaverblêd giet frjemd!

dinsdag 20 december 2011

It Klaverblêd giet frjemd!
Sûnt septimber binne de spilers fan It Klaverblêd drok oan it repetearen foar de jierlikse foarstellingen. Dy wurde dit kear hâlden op freed 27 en sneon 28 jannewaris. Te sjen binne twa ienakters, dy’t fansels spile wurde op it Deinumer Holt. Mar wa is toch dy frou dy’t de lieding hat…

 

Nije regisseur
Anja Steegstra hiet se, de regisseur dy’t dizze winter it bêste út de spilers besiket te heljen. Anja komt fan Grou en hat sels in soad op ‘e planken stien. It regisearen is lykwols nij foar har, mar se hat yntusken de smaak sa te pakken dat se ek al aktyf is by de toanielferiening fan Aldegea. Anja nimt it stokje oer fan Douwina Meester, dy’t foar It Perron noch ien kear werom kaam by It Klaverblêd.
 
Twa ienakters
Nei it jûnfoljende stik fan ferline jier, wurde der dit kear twa ienakters spile. Yn de klucht ‘Leafde op ‘e seisde ferdjipping’ besiket in frou foar te kommen dat har man har freon tsjin it liif rint. En jawis, it is in klucht, dus wurdt der hiel wat ôfliichd, fuortkrûpt en ymprofiseard dêr op dy seisde ferdjipping. De oare ienakter, ‘Kofje ferkeard’, is ek in klucht, mar soe ek hiel goed de beneaming skriller ha kinne. Dizze ienakter spilet him ôf yn in kofjeshop, mei somtiden bysûndere klanten dy’t net altyd binne sa ‘t se har foardogge.
Spilers
‘Leafde op ‘e seisde ferdjipping’ wurdt spile troch Stijntje Baarda, Hendrik Sybrandi en Sietse de Vries. Mochten se har tekst kwyt wêze, dan is Mieke Woudstra standby om har wer op gong te helpen. Oan ‘Kofje ferkeard’ dogge Gerda Baarda, Jelmer Salverda, Jetse Baarda, Regina Jorna, Marieke Zonderland, Fokke Buma, Dirkje Woudstra en Jorrit Heeringa mei. Hjir is Annegé ten Berg de ynstekker.
Foarstellingen
De ienakters binne te sjen op freed 27 en sneon 28 jannewaris. Beide jûnen begjinne om 20.00 oere en wurde hâlden yn kafee It Holt. Kaarten kinne op moandei 23, tiisdei 24 en woansdei 25 jannewaris tusken 19.00 en 21.00 oere kocht wurde by Ria Mous, Bûterhoeke 8 yn Deinum. Se kostje tsien euro it stik, stipers betelje sân euro foar in kaart (maksimaal twa kaarten mei koarting per stiper).