It Perron blijspul opfierd troch It Klaverblêd

donderdag 20 januari 2011

“ It Perron “, blijspul fan Froukje Annema

 

Yn 2004, bij it 125 jierrich jubileum, soe dit stik opfierd wurde. It koe doe, troch slimme sykte yn spilersfermidden, net troch gean.

It bestjoer hat it yn 2010 wer út de kast helle en freed 14 en sneon 15 jannewaris wie op it Holt de útfiering en beide kearen wie de seal grôtfol.

 

 

Yn septimber waard útein setten mei de earste rippetysjes foar mei namme de grutte rollen. Njonkenlytsen kamen ek de lytse rollen en de figuranten der bij mei-inoar 26 spilers.

 

 

 

Foar Douwina Meester dy’t de rezjy in hannen hie, in hiele toer om elk op ‘e tiid en it goede plak te krijen. Nei sa’n 32 rippetysjes wie de hiele ploech safier dat se foar it publyk in moaie foarstelling delsetten ha.

 

 

Ynstekster Anne-Gé Ten Berg hie it net al te drok en it gie flot op.

It stik spilet him ôf op in perron, dus it dekor moat dêr ek op lykje.

Dekôr ûntwerp: waard makke troch Hans Koster en mei help fan seis dekôrbouwers waard it in prachtich gehiel.

In blommekiosk dêr’t Eelke (Hendrik Sybrandy) syn brea besiket te fertsjinjen.  In toiletgroep mei in sûkerskjinne Marie (geweldich spile troch Nynke de Boer) dy’t de fleur der ynhâlde wol, wat net tafalt mei de twa kioskmannen, dy’t nei in minne streek fan ien fan har, eins net mear troch ien doar kinne.

De kiosk mei lektuer, snobbersguod ensfh. mei Arjen (Anne Terpstra).

Kleanadvys: Corina Blok, Betteke Eerligh en Styn Baarda.

Lûd en Ljocht: dit waard fersoarge troch Andries en Antsieto Hoogterp en Laurens Kuiphof, sadat alles goed te folgjen wie.

Kap en Grime: Ina Paassen, Tineke Reitsma, Froukje en Gerda de Vries.

Omballingen: Ria Mous en Mieke Woudstra

Trije haadrolspilers hie ik al neamd, Marie, (Nynke de Boer), Eelke (Hendrik Sybrandy) en Arjen (Anne Terpstra).

De oaren, Ria freondinne fan Eelke (Tietsia Wentink), Wytske de frou fan Arjen (Dorothé Gorter), Jenny dochter fan Eelke (Gerda Baarda) en se frijt mei Jelmer, soan fan Arjen en Wytske (Jelmer Salverda). Foar Jelmer wie it de earste kear dat hy op ‘e planken stie, hartstikke goed!

Om dizze spilers gie eins it ferhaal en dêr tuskentroch wie it lyk as op in echt perron in kommen en gean fan reizgers en wat oare, somtiden wat tsjustere figuren. (Marieke Salverda, Henk Praamstra en Sietse de Vries).

Baukje van der Ploeg en Jetse Baarda spilen reizgers dy’t mei fakânsje gienen en letter werom kamen, sûnder gouden Willem mar mei gipsfoet.

Jitsche van der Meer mei rollator as frou fan twa Sakes.

Fokke Buma as Sibe mei spandoeken foar en tsjin fan alles.

Meardere roltsjes wienen foar Dirkje Woudstra, Styntje Baarda, Betteke Eerligh en foar in hiele groep spilers dy’t foar it earst meispilen: Sandra Mous, Jorrit Heeringa, Anne-Gré Terpstra, Femke Wijnstra, Jort Kuiphof, Jelmer Bosma, Harmen Tamminga, Jorrit de Boer en Ina Paasen.

We hoopje dat se de smaak te pakken krige ha.

 

 

 

(fansels binne de foto’s te sjen op deinumdorp.nl)