Klaver Trije – 45 jier

zondag 28 februari 2016

It begjin

Mei dizze Klaver Trije is it al wer 45 jier ferlyn dat Klaver Trije út ein sette. Yn 1971 hie Deinum noch in Herfoarme jeugdferiening fan 16 jier en âlder. Dizze feriening wie net allinne dwaande mei de eigen foarming, mar woe ek wat foar it doarp betsjutte. It yn it libben roppe fan in doarpskrante ta stimulearring fan it doarpslibben like de leden in moaie opjefte.

As doel fan in doarpsblêd seach de jeugdferiening:

Eltse feriening fan Keatsen ta Sjongkoar, fan Soos ta Jeugdklup kin yn de Doarpskrante har grutte en lytse nijtsjes kwyt. Mar dat net allinne!

Jo, doarpsbewenner, kinne jo miening, jo ideeën, miskien jo swierrichheden oangeande it doarpslibben, yn dit blêd kwyt yn de rubryk “ynstjoerd”.                                                                                                  

Yn it stikje 20 JIER (sjoch 25 jier lyn) is de start beskreaun. De oprop dêryn dat leden fan ferienings har eigen nijs yn de Klaver Trije skriuwe, wurdt goed opnommen de lêste jierren. Der hat in tiid west dat minsken ús as redaksje oan ‘e jas lutsen en seine: do sitst yn ‘e redaksje, do hearst dat te dwaan. Dat koe fansels net. Neist it eigen wurk wie dat gewoanwei net te dwaan. De redaksje folget de regel dat it nijs fan hjoed-de-dei foarrang hat op artikels út it ferline.

Trochdat der de lêste tiid in soad kopij oer de mail komt of troch de bus glidet, komme de lêzers fan histoaryske ferhalen oan ’e krapperein, útsein de rubryk 25 JIER LYN. Dit sil grif wol werris feroarje.

De redaksje

De redaksje fan no is al jierren op har post. Douwe Gerbens (Deinum) fan it begjin ôf: febrewaris 1971, Yde Faas (Blessum) fan jannewaris 1976 ôf, Siep Tilma (Boksum) fan novimber 1994 ôf en Jitsche van der Meer (Deinum) fan maaie 1998 ôf. Helpers/opfolgers binne tige wolkom om de redaksje takomst te jaan!     Jo kinne jo opjaan by ien fan de redaksjeleden.

In oare meiwurker dy’t al jierren meidraait is Halbe Weiland.  As de ynhâld typt of út de printer komt moat it fermannichfâldige wurde. Dat docht Halbe al fan juny 1985 ôf!

Earst wurke er mei in echte ‘drukmachine’ by him thús op ‘e fliering, letter op de kopy-printmasine op ‘e souder fan de Deinumer skoalle, dy’t mei-inoar leasd wurdt. In groep tearders en niters soarget derfoar dat de losse blêden boekjes wurde en in oare fêste ploech bringt de boekjes by jo yn de bus. Mei-elkoar kin de redaksje rekkenje op 24 frijwilligers en dêr binne wy tige wiis mei.

It fierdere proses beskriuwe wy in oare kear.                

Ynbûn

It argyf fan Klaver Trije wurdt byholden troch Douwe Gerbens. As in jiergong fol is wurdt er ynbûn. Jierrenlang hat Goïnga út Wergea dat foar ús dien. Minsken wolle wolris wat fan har famylje witte of fan in bepaalde saak of kwestje yn ien fan ús doarpen.

As se witte dat der wat fan yn in Klaver Trije stien hat wurdt om in bepaald nûmer frege. It is tige maklik dat jo dan in jiergong pakke kinne om it frege artikel op te sykjen en lêze te innen. Nei Goïnga’s ferstjerren wie it in toer in oare boekbiner te finen dy’t dit kerwei berêde woe. Der leine op ‘t lêst 17 jiergongen te wachtsjen. Nei in tip fan Rinze Visser is der in adres fûn. Op twa plakken yn Deinum wurde alle jiergongen fan Klaver Trije bewarre: yn it argyf fan Wurkgroep Deinum Doe en No by Rinze Visser en by Douwe Gerbens.

                                                                                              

Dizze tekst komt út de lêste Klaver Trije (Maart 2016, jiergong 46, nûmer 1) en is mei goedkarring publisearre.