Nij plak foar omstriden keunstwurk De Sipel yn Deinum

donderdag 10 januari 2019

10 jan 2019 – 12:01

Keunstwurk De Sipel yn Deinum kriget in nij plak. Net elkenien wie bliid mei it eardere plak op de hoek fan de Sint Janswei en de Spoarstrjitte en dus ferhuzet it keunstwurk nei in oar plak. It keunstwurk sil no pleatst wurde dêr’t de Spoarstrjitte it doarp ynkomt.

It nije plak is keazen yn oerlis mei Willemsma en it doarpsbestjoer.

Ald-wethâlder Bram Bonnema fan Frjentsjerteradiel en Littenseradiel hat de ferpleatsing as ûnôfhinklike partij begelieden. Doarpsbelang kin no in fergunning oanfreegje, Willemsma sil in ûntwerp meitsje sadat it keunstwurk op it nije plak sa goed as mooglik ta syn rjocht komt.

Foto: Gemeente Waadhoeke

It byld wie earder ek al fuorthelle en op ‘e nij pleatst, mar leit no noch yn opslach. It keunstwurk De Sipel ferwiisd nei de foarm fan de spits fan de toer yn Deinum. De sipel is yn 1589 op de toer pleatst. It keunstwurk is makke as oantinken oan it 100-jierrich bestean fan doarpsbelang De Eendracht.

Bron: Omrop Fryslân