Onderstaande tekst overgenomen uit Klaver Trije van april 2016.
Yn de Sipeltoer fan Deinum hinget ien klok út 1544. Hiel lang lyn hongen der twa klokken yn de klokkestoel yn de toer. De Deinumer toer is krekt as de tuorren fan Bitgum, Dronryp, Ingelum en Marsum eigendom fan gemeente Menameradiel en yn behear fan de Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Menaldumadeel. Om de safolle jier besteget dizze Stifting jild oan it ûnderhâld fan har monuminten. De klokken en klokkestuollen fan dizze fiif tuorren krije dit jier in opknapbeurt en nije lied-assen foar in bedrach fan € 170.000. Foar it lege plak yn de Deinumer klokkestoel hat niisneamde Stifting jild ornearre foar in nije klok. It lieden fan de Deinumer klok is net kompleet, seit de Stifting, sûnder it lûd fan in twadde klok.
Yn in rapport skriuwt de Stifting: ’…door het incomplete gelui van Deinum is het zeer aan te bevelen om een nieuwe klok naar historisch voorbeeld te vervaardigen. (De toansetting moat eksakt passe by de âlde klok). Hierdoor kan het gelui van Deinum weer compleet gemaakt worden. Daarnaast biedt een twee gelui (it lieden fan twa klokken) in gebruik meer mogelijkheden dan één enkele klok. Ook heeft Deinum dan weer de beschikking over een mannen- en vrouwenklok wat zo typerend is voor de Friese dorpen.’
Deinumer klokkehistoarje:
De âldste klok
De âlde klok yn de Deinumer toer is yn 1544 getten troch Johannes ter Steghe fan Kampen. Hy hie syn fak leard by Geert van Wou II, de jongste soan fan de ferneamde klokkejitter Gerhardus van Wou. Nei it ferstjerren fan Gerhardus yn 1527 giet Geert fierder mei it bedriuw earst yn ‘e mande mei Ter Steghe. Mar kwalitatyf komme se net ta oan it wurk en it oantal klokken fan Gerhardus. Se jitte klokken tegearre of allinne, hast allinnich yn Fryslân. It rapport seit fan de Deinumer klok: Deze mag worden aangemerkt als klankmonument van grote nationale waarde. De folgjende arguminten wurde dêrfoar opneamd:
* De klok stamt út de Wou-skoalle.
* De foar Ter Steghe betreklik hege kwaliteit fan it jitwurk.
* De tradisjonele goatyske fersierings lykjend op de fersierings fan Van Wou. De goatyske minuskels (lytse letters) fan it opskrift mei inkelde haadletters.
* De algehiele klankrykdom.
* In goede representant fan it oeuvre fan Ter Steghe.
* It unike fan de klok (der is nea wat feroare oan de klok, nea laske, nea reparearre, nea oars stimd).
* Ien fan de bytsje klokken, dy’t selsstannich getten is troch Ter Steghe, en bewarre bleaun is.
Yn 1943 hawwe de Dútsers dizze klok út de toer takele om him om te smelten en te ferwurkjen ta oarlochsark. Lokkich is it net safier kommen. Nei de oarloch waard de Deinumer klok tusken oare klokken weromfûn op in skip yn in Dútse haven en werom helle nei it heitelân. Op de klok stiet in Latynske tekst. Oerset stiet der: Der wie in minske, troch God stjoerd, waans namme wie Johannes. Yn ’e tiid fan Egbert, pastoar, en Frefridus Seithma (Feycke Sierdsma?),haadling te Deinum, hat Johannes ter Steghe my makke Ao. Di. 1544.
De twadde klok
De twadde klok yn ‘e Deinumer toer is yn 1617 makke troch Hans Falck van Neurenberg, dy’t oant 1635 in klokkejitterij yn Ljouwert hie. Op dizze klok stiene û.o. de nammen fan Jelger van Feytsma en syn frou Auck van Heerma en harren soan Bocke. Troch ferkeard lieden skynt dizze ‘Feytsma-klok’ skuord te wêzen. Yn 1740 wurdt de skuorde klok op 8 septimber ferkocht oan klokkejitter Cyprianus Crans yn Amsterdam. De klok hie in gewicht fan 2448 pûn en brocht skjin 1.003 gûne op. Op 23 septimber 1740 kochten de tsjerkerintmasters in klok yn Holwert fan 2.757 pûn foar 1.378 gûne en 10 stuorren. Seis jier letter stiet yn in tsjerklik rekkenboek dat ek dizze klok skuord is en yn 1746 ferkocht is oan Rudolphus Kruise te Amsterdam foar 1.085 gûne en 13 stuorren.
Nei dy tiid is net bekend dat der wer in twadde klok yn ‘e Deinumer toer west hat. Dêrom is it in prachtich inisjatyf fan de Stichting tot behoud van monumenten in de gemeente Menaldumadeel wer in twadde klok yn de toer fan de Sint Jan meitsje te litten.
(Mei tank oan Jan Tromp fan dizze Stichting foar de ynformaasje). d.g.