Ode aan de Westergoabrêge

dinsdag 29 december 2015

Zondag 27 december 2015, was een verdrietige dag. We namen afscheid van een brug. Letterlijk dus: een uit-vaart.
Douwe Gerlof Heeringa mocht de volgende woorden uitspreken:

(Requiem voor een brugwachter)

(keervers)
Omheech en omleech, eltse dei
Foar sylskip en sloep
Amalfi en de Robbenzand, wie ik gastfrij.

Hjirre lis ik as brêgewipper.
fijân fan de automobilist
freon fan de skipper

1. Myn berop die’k fanút de hichte
Tafersjoch hâlde op it skipferkear,
op fytsers, kuierders, scooters en sa mear
trefst de brêge iepen, as rydst oer in tichtte?

Ik hie in skybox foar it sportfjild,
seach talinten mei in reputaasje
en amateurs sykjend nei in prestaasje
Daadliks in nij kompleks: de Heak brocht in soad jild

– Hjirre lis ik as brêgewipper.
seach fiifde, en reserveklasse
kuorbal en pripper

2. Sûnt trij-en-tachtich yn myn behear
Westergoabrêge, it is aanst foarby
Deinum hie sûnt doe in twabaansdyk tichtbij
tank! Hermanus Hessels en Hessel van der Meer

Mar kamen Holt en Ritsumasyl
samar oan de oare kant fan de dyk
Deinum krige in spoarbrêge,mar ek krityk
It sipeldoarp mei sneldyk, in Fryske schlemiel

-N 31 mei brêgewipper.
Snelheid yn’t oere: Hûnderdtritich
egotripper

3. Ek passearre hjirre Beatrix
En in seehûn, op nei de Harnzer slûs
Koningsveld naam in fersopen hert nei hûs
Skieppe eagen fan Brada, ferwurden plastics

It rûntsje Rits, foar de wandelaars
Winterdeis spile ik it spultsje bridge
die’k EHBO-lessen,mei de jûnsspits
Simmerdeis wiene der swimmers en hengelaars

-In iensem berop, brêgewipper.
mar ik genoat fan de seizoenen
iismuts en slipper

4. Mar no, mei al dy aquaducten
brêgen mei in betsjinning op ôfstân
dit berop stjêrt langsem út:it is bedoarn
sa ek earder koetsier en fearman mislukten

Moarn kiest men hjir foar de sloopkûgels
De kraan fan Alphen aan de Rijn hie pech
ik mis de hynders fan van de Lageweg
en ek de geiten fan Klaas Sjoerd, de seefûgels

-Ik bin net mear in brêgewipper.
Grenzeloos varen, kontainerskip
trijemêstklipper

5. De brêge fuort, de Flecht nei Foaren
Hoe nei Sint Anne, Marsum en Menaam
Waarheen leidt de weg, die we nu moeten gaan
Nei slagter Stornebrink en Dokter Dooren

– Omheech en omleech, eltse dei
Foar sylskip en sloep
Amalfi en de Robbenzand, wie ik gastfrij.

Hjirre lis ik as brêgewipper.
fijân fan de automobilist
freon fan de skipper