Sneon 5 septimber, in frijwilligersjûn fan Klaver Trije

zondag 6 september 2009

De redaksje fan Klaver Trije is wiis mei har frijwilligers en fûn dat it tiid wie om wer ris in jûn te organisearjen. Sa kaam it dat in “grize golf” troch Deinum, Blessum en Boksum fytste.
Start wie bij Hans en Jitsche en mei in pipermintsje yn ‘e mûle gie de ploech (30 minsken) nei de pleats fan Piet en Femmy Heeringa.
Piet sammelt al jierren skoalplaten en is no sa fier dat hy yn ’t bûthús in eksposysje makke hat. In prachtige kolleksje en tige de muoite wurdich. Dat fûn omrop Fryslân ek en makke opnamen foar Hea!
Nei de kofje/tee yn ‘t bûthús wer op ‘e fyts nei Blessum. Gelokkich wie it noch hieltyd droech. Bij Baukje Miedema in fytsbelkonsert foar har jierdei en doe nei it moaie tsjerkje. Dêr stie de kofje/tee klear mei in stikje oranjekoeke.
Yde ferteld it ien en oar oer de Blessumer mienskip en de rol fan it tsjerkje no en yn de twadde wrâldkriich doe ‘t it in skûlplak wie.
Doe wie it tiid foar in muzykkwis, 15 muzykfragminten krigen we te hearren en dan moast de sjonger/sjongster opskreaun wurde. Soms flink harsenskrabje want jo kinne dan it liet wol, mar wa song dat ek mar wer.
Dêrnei, it wie al aardich tsjuster, nei Boksum. In lyts spatsje rein, mar trochwiet waarden we net. Yn it String wie de ferwaarming justjes oan, wol noflik en al gau hienen Siep en Ytsje de minsken foarsjoen fan in drankje. Siep hiet de minsken wolkom en fertelde oer de plannen fan it String. Der sil yngreven ferboud wurde want it is te lyts wurden no’t ek de lytse bieb en de B.S.O. in plak fûn ha yn it doarpshûs.
Douwe hâldt in praatsje oer it frijwilligerswurk en it ta stân kommen eltse moanne fan de Klaver Trije. Halbe en Tiny Weiland binne al jierren (fanôf 1981) yn ’t spier foar it doarps-krantsje Hja krije in lyts presintsje. Ek Jan v/d Meulen wurdt neamd, hy besoarget al sa’n 25 jier de Klaver Trije yn in grut part fan Deinum. Spitigernôch stiet hy wat dit oanbelanget bûten spul mei syn brutsen draaibonke (wervel). We winskje him betterskip.
Moai is it dat der spontaan minsken harren melde om de boekjes fan Jan rûn te bringen.
Nei jierren is Renny ophâlden as skathâlder, foar har yn’t plak is Anne-Gé ten Berg kommen.
Yde is al fanôf 1976 redaksjelid en sûnt in pear jier foarsitter fan de Stichting en Jitsche kriget in fear yn ‘e broek foar it garjen fan it nijs en de “lay-out”.
Ek de redaksje leden Siep en Douwe dogge al jierren mei oan it ta stân kommen fan de doarpskrante, Douwe al fanôf it begjin en Siep ek al in hiel skoft.
Jitsche fertelt oer de feroarings bij Klaver Trije nei it yn gebrûk nimmen fan it nije kopiear-
apparaat op skoalle. Earst wie der sprake fan dat de tear- en nytploegen net mear nedich wêze soenen want de boekjes kinne der kant en klear út rûgelje. Dit waard lykwols fiersten te djoer en de ploegen (trije fan fiif minsken) meie bliuwe en dat dogge se graach.
It rinnen om ‘e tafel docht it apparaat foar ús, it is dus allinne mar it tearen en niten noch wat der barre moat.
Nei nochris te sizzen dat se wiis is mei al dizze frijwilligers, bûten de redaksje 21, winsket Jitsche elk noch in noflike jûn mei in hapke en in drankje.
Siep slút letter ôf mei “fijn dat jimme der wienen en wol thús”.