SPAR SUPERMARKT wordt UBO SUPERMARKT

zondag 28 februari 2016

SPAR SUPERMARKT  UBO SUPERMARKT

Oare namme

Woansdei 17 febrewaris krigen de ynwenners fan Deinum, Ritsumasyl, Blessum, Boksum en Jellum e.o. in papier troch de doar fan Uilke Bosma’s Spar yn Deinum. Bosma feroaret de namme fan syn winkel yn Uilke Bosma’s Supermerk: UBO SUPERMARKT.

 

Wêrom?

Bosma leit dizze stap út. ‘Op 18 desimber 2014 gie de Westergoawei by Deinum lâns ticht. Sûnt dy tiid is it klantebesyk oan ús winkel efterút gien mei 10 – 20%. Dat kin net langer sa trochgean, dan wurdt de omset te lyts. Ik sit fêst oan it assortimint fan de Spar. Klanten hiene fraach nei produkten dy’t de Spar net leveret of fregen wat fan in oar merk, dêr’t de Spar gjin handel mei die. No’t ik ûnder eigen namme fierder gean, kin ik miskien dy eardere klanten werom winne, om’t ik no wol ferkeapje kin dêr’t fraach nei is’. Bosma neamt oare punten op dy’t de stap nei syn winkel neidielich beynfloeden: wizige en tanimmende konkurrinsjeferhâldings, minder goed berikber troch de Heak, de krisis…   Bosma hâldt de befoarrieding troch de Spar en it A-assortimint oan, plus it ekstra foardielige OK€-merk. Dêrby komt in útwreiding fan it streek- en biologysk assortimint èn wêr‘t de klant spesjaal om freget. In eigen reklamefolder sil jo geregeld foardieltsjes oanbiede.   ‘Stadichwei fiere wy de feroarings yn.’

Takomst

Oer it plak en it opperflak fan de Deinumer winkel is Bosma tige te sprekken. ‘Ik wit noch ien plak yn Fryslân dêr’t in krudenierswinkel is fan deselde grutte op in tal ynwenners fan sis mar 1.700, rekkene oer Deinum, Blessum, Boksum, Jellum, Bears en inkelde Marsumers en Hilaarders derby. Fan binnen is der safolle romte om alle waren kreas út te stallen en de klant kin mei de rollator of sels in scootmobyl boadskippen helje. Bûten is der genôch parkearromte. Ik sjoch noch kâns mèì de goede mentaliteit fan de minsken yn Deinum en wide omkriten de winkel te behâlden.’

Fandêr de kommende feroarings. Sa hoopje Bosma en syn personiel it de klant noch mear nei ‘t sin te meitsjen. De takomst hinget fan ús as doarpsbewenners ôf! In doarp mèì in supermerk hat grif mear kânsen as sûnder. Uilke Bosma hat in grutte stap setten om ús supermerk te rêden. Bosma, tige tank dêrfoar!