It Klaverbled spilet ‘Driuwsan’

maandag 21 januari 2013

‘By de plysje akseptearje we gjin slop gedoch!’

It Klaverblêd nimt jim dit jier mei nei de Iselmarkust, nei it fakânsjehûs fan Dora. No ja, fakânsjehûs, in soad rêst krijt Dora der net. Om it hurtsje komt der ien op besite. Is it net de steatssekretaris fan Miljeu, dan is it syn frou Lokke wol. Of Lokke har dokter.

Of de pizzabesoarger. En oanbelje, ho mar, se nimme gewoan de túndoar. Lokkich is dêr plysjefrou Brecht Raukema. Hoewol: “Ik sil it dizze kear troch de fingers sjen, tenminsten … as ik dy pizza ha mei”.

‘Driuwsân’ wurdt spile troch Hendrik Sybrandi, Stijntje Baarda, Jitsche van der Meer, Jorrit Heeringa, Dorothé Gorter en Sietze de Vries. De rezjy is yn hannen fan Wouter van der Wal, wylst Ria Mous de ynstekker is. It stik is te sjen op freed 8 en sneon 9 febrewaris, beide jûnen om acht oere op It Holt.

Stipers betelje sân euro foar in tagongskaart, jongeren oant 18 jier fiif euro en oaren tsien euro. Kaarten kinne op de jûn fan de foarstelling kocht wurde oan de kassa. Yn it foar kin der reservearre wurde fia de mail (klaverbled@sjoukedezeestrjitte.nl) of fan 5 oant en mei 7 febrewaris tusken 18.30 en 19.30 oere telefoanysk op 058-2541347.

 

Sjoen de ynhâld is it stik minder geskikt foar bern ûnder de tolve jier.