Enkête: wat hearre jo fan de F-35’s?

Is it lûd fan de F-35’s fan fleanbasis Ljouwert jo opfallen? En hat dit lûd effekt op jo deistige libben of ha jo der gjin lêst fan? Omrop Fryslân freget har ôf oft jo, wêr dan ek yn Fryslân, it lûd fan de F-35’s hearre. Lit it ús witte fia dizze fragelist. Resultaten út dit ûndersyk sille ûnder oare yn juny te sjen wêze yn in dokumintêre fan Fryslân Dok oer it lûd fan de F-35’s

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1060492-enkete-wat-hearre-jo-fan-de-f-35s