It Klaverblêd spilet: Gouwe Ouwe

vrijdag 26 januari 2024

We binne wer los!!! We hawwe dit jier keazen foar in jûnfoljend stik Loes Kleene regisseart GOUWE OUWE fan Philip Walkate, oerset troch Baukje Stavinga Trije totaal ferskillende froulju mei ien oerienkomst: se wurkje by in fastfoodrestaurant wylst se op leeftiid binne. Dogge se dat foar de gesellichheid, om by de tiid te bliuwen of is hjir hiel wat oars oan ’e hân? En wêrom wurdt it filiaal dêr’t se wurkje sa populêr? Gouwe Ouwe is in komeedzje mei in serieuze ûndertoan oer de posysje fan âlderen yn ús maatskippij en it grize plafond De spilers binne: Baukje van der Ploeg, Stijntje Baarda, Pytsje Galama en Redmer van der Meer Ria Mous is souffleuse, Mieke Woudstra en Lydia Meerman fersoargje de omballingen. It stik sille spile wurde op freed 22 maart en sneon 23 maart 2024 yn it String te Boksum As it sa fier is binne kaarten yn it foar te reservearje fia Internet, mailen nei it.klaverbled@gmail

Cultuur