Deinum

Doarpsbelang

“De Feriening foar Doarpsbelangen”, de namme seit it al, set him yn foar de “leefberens” en it wolwêzen fan ús doarpsmienskip, foar de belangen fan de bewenners, mar boppe alles foar it algemien belang.

Sa nedich is der kontakt mei it Kolleezje fan B&W oer saken dy’t der libje yn Deinum. Ek wenje de bestjoersleden as der oanlieding ta is, it fraksjeberie fan de politike partijen by. Op dizze wize wurdt der goed kontakt hâlden mei de” polityk”.

Eksterne kontakten binne der ek mei de “Feriening foar Lytse doarpen”, de Federaasje fan Doarpsbelangen yn Menameradiel, de Kommisje ludshinder en de kommisje dy’t him dwaande hâldt mei de plannen foar de ‘heak om Ljouwert’.

Yn Deinum is doarpsbelang fertsjintwurdige yn tal fan ferienings sa as de boarterstúnkommisje, de aktiviteitenkommisje ensfh. Dizze leste kommisje hâldt him dwaande mei it organisearjen fan spultsjedagen, kursussen ensfh.

De skiednis fan Deinum wurdt festlein troch “Deinum Doe en No”, dy’t alles oer it doarp foar it neiteam bewarret.

Ek foar it neiteam bewarre is it útsicht op de Deinumer Sipel, de tsjerke en it tsjerkhôfstek en -muorre. De “Sipelkommisje” en koartlyn de Stichting Restauraasje Tsjerkhôfsmuorre en -stek hawwe harren hjir tige foar ynset Yn dizze kommisje en yn de boppeneamde stichting hie de feriening foar Doarpsbelangen in sit

It opheljen fan it âld papier wurdt koördinearre troch doarpsbelang. Elkenien bringt op de yn’t foar plande sneonen it âld papier nei de kontener bij Meetsma. Dêrneist helje in tal ferienings en skoallen it fan de sammelplakken op en de opbringst ferpartsje se meimekoar.

De namme fan de feriening docht tinken oan in alde taak dy’t yn Deinum noch altyd troch eigen minsken útfierd wurdt de “Eendracht” is ek útfeartsferiening. Dizze foarm fan beïerdiging, fersoarge troch eigen ynwenners, sprekt in protte minsken, ek yn dizze tiid, noch oan.

Ynformaasje oer dielname oan it útfeartfûns kinne jo krije by de bestjoersleden. Lid wurde fan Doarpsbelang kin troch de folgjende side yn te foljen en oan ús werom te stjoeren.

Ut namme fan de Feriening foar Doarpsbelangen hjitte wy jo hertlik wolkom en wy sjogge jo graach werom by de Deinumer ferienings.

Foarsitter:        
Sekretariaat Eric Hengst Troch de Koer 22 9033 WM  Deinum 06 46264559
Skathalder: Lydia Meerman Tsjerkepaed 15 9033 WT Deinum 06 23045154
Skriuwer: Catharina Tamminga Spoarstrjitte 8 9033 WJ   Deinum 06 18452244
Leden: Lieuwe Tinga Troch de Koer 13 9033 WM Deinum 06 83644711
  Henk Berg Skoallestrjitte 9 9033 XH Deinum 06 15611775
  Corinne Hoogsteen Mennerdahof 35 9033 XG Deinum 06 12087775
         
         

 

 

 

Notulen jaarvergadering 2019