Wurkgroep Deinum Doe en No

woensdag 23 september 2015

Hjir sjogge jimme in swartwyt-ôfdruk fan it omslach yn kleur fan ús nije boek, ús jubileumboek. Want wy besteane 30 jier en dat moat betocht wurde.

It is in boek mei in 7-tal hiel aardige artikels yn 160 siden oer de skiednis fan Deinum, Ritsumasyl en it Holt. Alle artikels ek hiel royaal oanklaaid mei in protte (ek âlde) foto’s. Ferhalen fan (âld)Deinumers oer it fabryk, oer de smederij, oer de oerhalen, oer polders en wetterskippen, oer It Klaverblêd, oer terpôfgraverijen en oer de Deinumer dwinger mei de húsketonnen.

Beslist de muoite wurdich om te lêzen, te besjen en te hawwen, mar ek om in oar bliid mei te meitsjen (bgl. op ‘e jierdei, foar Sinteklaas, ûnder de krystbeam of samar). It kostet € 15,00.

Op woansdeitejûn, 7 oktober fan 18.00 oere ôf komme wy by de doarren lâns om it boek te ferkeapjen. As der dêrnei noch boeken oer binne, kinne dy by bakker Sybesma en by 3 wurkgroepleden kocht wurde: Johannes en Gertiet Sybrandi (St Janswei 61a), Ali en Bram Faber (Spoarstrjitte 6) en Rinze en Sjoukje Visser (Pypsterhôf 15).

Der binne yn totaal 450 boeken te ferkeapjen en op is op.

Oant sjen op kommende 7 oktober, wy hoopje jimme thús te treffen.