Toanielferiening it klaverblêd

Toanielspylje, dat is wat we dogge by It Klaverblêd. Yn it Frysk, want mei dy opdracht waard de feriening yn 1879 oprjochte. Sûnt dat jier waarden der al tsien­tallen stikken spile, jûnfoljend of ienakter, serieus of komysk.

Utgongspunt is alle jierren in foarstelling te bringen. Meastentiids is dy yn maart te sjen yn kafee It Holt yn Deinum. Ek stean der wolris bysûndere foarstellings op it programma, bygelyks bûtendoar. In oar bysûnder plak dêr’t sa no en dan spile wurdt is de tinte fan it doarpsfeest. Dêr wurdt ien kear yn de fiif jier in jûnfoljend kabaretprogramma brocht, dat spesjaal foar de gelegenheid skreaun wurdt en Deinum as ûnderwerp hat.

Dogge oan de grutte stikken of ienakters geregeld jongeren mei, ek oan de bern wurdt tocht. Besocht wurdt foar har alle jierren in dramakursus te organisearjen, meastentiids yn ‘e winterperioade.

It Klaverblêd hat in lytse 40 leden. Dy binne net allinne op de planken te finen, mar soargje ek foar technyk, dekôr, klean en smink. Allegearre op frijwillige basis, útsein de regisseur dy’t betelle krijt.

Ek meidwaan by It Klaverblêd? Nim dan kontakt op mei it sekretariaat. Wolst mei koarting nei ús foarstelling, wurdt dan stiper foar seis euro yn it jier. Ek dêr wit it sekretariaat mear oer.

 

https://www.facebook.com/toanielferieningitklaverbled