Lytse Bieb

dinsdag 24 februari 2009

De lytse Bieb, it is hast 1 maart en dan komt de bibliobus net mear yn ús doarpen.

Yn Boksum is der romte foar de saneamde Lytse Bieb fûn yn it String.
Yn Deinum slagge it noch net om in romte, geskikt foar dit doel, te finen.
Witte jo in romte fan 15 – 30 kante meter dy’t foar sa’n twa jier brûkt wurde kin om boeken út te lienen en op te slaan, reagearje dan.

Jo kinne belje mei:
Jitsche v.d. Meer, til. 058 – 2542348